Waadgoudsertifikaten op Flylân

09 aug 2011 - 15:34

Op Flylân wurde ein augustus trije Waadgoudsertifikaten útrikt. De Dining by de jachthaven is it earste restaurant op it eilân dat it predikaat krijt. Fierders krijt de schoener Avontuur ek ien. It lêste silende frachtskip fan Nederlân makket no deitochten oer it Waad.

Foar it earst krije muzikanten ek in Waadgoudsertifikaat. Nils Koster en Gert Lamerus meitsje foarstellings mei teksten en muzyk oer Flylân. Se wolle sa de eilanner kultuer bewarje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)