'Waadgebiet net op UNESCO-list'

11 okt 2004 - 18:09

It Waadgebiet mei net op de UNESCO- wrâlderfguodlist. Dat fine ferskate organisaasjes yn it Noarden. Dêrta hearre de Keamer fan Keaphannel, MKB-Noard, wurkjouwersorganisaasje VNO/NCW en boere-organisaasje NLTO.

It plan fan 'e wrâlderfguodlist komt fan Minister Veerman fan Lânbou. De organisaasjes freegje him dat net troch te setten. It soe ûndernimmers ôfskrikke nije inisjativen te nimmen, ûnder oare yn 'e haven fan Harns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)