Waadfûnsjild nei Ofslútdyk

06 okt 2011 - 20:13

Ed Nijpels fynt dat Fryslân der mei ynstimme moat dat jild út it Waadfûns brûkt wurdt foar de oanpak fan de Ofslútdyk. Hy sei dat tongersdei yn de Twadde Keamer as foarsitter fan de advyskommisje Takomst Ofslútdyk.

It Waadfûns is bedoeld foar ekonomyske en natuerprojekten yn it Waadgebiet, mar neffens Nijpels is de Ofslútdyk dêr ek ûnderdiel fan. Hy fynt ek dat Fryslân en Noard-Hollân mear út eigen beurs bydrage moatte oan fersterking fan de dyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)