Waadfûnsjild nei fûgel en fisk

16 sep 2014 - 10:12
  • Strânljip yn de Waadsee

Wetterskip Fryslân krijt jild fan it Waadfûns foar it oanpassen fan twa rioelwettersuveringsynstallaasjes. De ynstallaasjes op Skylge en It Amelân krije 3,4 miljoen subsydzje foar oanpassings dy't soargje moatte foar in ferbettering fan de fûgel- en fiskstân.

Op Skylge wurdt de seedyk sa oanpast dat jonge fûgels net mear klem komme te sitten yn de gatten tusken de basaltblokken. Ek wurdt it wetter dat loasd wurdt yn de Waadsee skjinner makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)