Waadfûnsjild dielt jild út

21 maaie 2013 - 14:18

It Waadfûns stipet trije projekten op de Waadeilannen mei mear as 1,6 miljoen euro. Formearum krijt 80.000 euro om in kampearpleats om te bouwen ta fakânsjehûs foar minsken mei in beheining.

Foar de yntroduksje fan elektryske lienauto's op Teksel, Skylge en Skiermûntseach wurdt 138.000 útlutsen. Mei help fan de 1,6 miljoen fan it Waadfûns wurdt yn totaal 5,2 miljoen euro ynvestearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)