Waadfûns ynvestearret yn ûndersyk nei wetter

28 aug 2015 - 16:29

It Waadfûns stekt dik 1,3 miljoen euro yn twa projekten dy't mei it probleem fan sâlt grûnwetter te krijen hawwe. Troch it omheech gean fan de seespegel en troch boaiemdelgong hat de lânbou dêr hieltiten mear mei te krijen. It Waadfûns stekt no dik njoggen ton yn in ûndersyk nei hoe't boeren tûker omgean kinne mei swiet wetter, sadat it net fergriemd wurdt.

Der giet ek trije-en-in-heale ton nei it projekt Zilte Aardappelketen, dat krekt sâlt wetter brûkt foar de tylt fan ierappels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)