Waadfûns stipet fiskmigraasjerivier Ofslútdyk

05 des 2014 - 12:43
  • Plan fiskmigraasje

It Waadfûns sil 13 miljoen euro ynvestearje yn de projekten Marconi Buiten en de fiskmigraasjerivier by de Ofslútdyk. By it lêste projekt wurdt de Ofslútdyk sa oanpast dat de fiskmigraasje fan sâlt nei swiet wetter wer op gong komt. Dat moat de biodiversiteit yn Waadsee en Iselmar ferbetterje.

It Marconi-projekt fersterket de leefberens fan Delfsyl as havenstêd oan de Waadsee. Tagelyk wurde de seedyk en de natuer yn it gebiet fersterke. It Waadfûns stekt mei-inoar hast 62 miljoen euro yn 14 projekten dy't it Waadgebiet ferbetterje moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)