Waadfûns jout 10 miljoen oan subsydzjes

01 maaie 2015 - 15:04
  • Waadsee

It Waadfûns dielt foar hast 10 miljoen euro oan sudsydzjes út. Hast 5 ton giet nei de bestriding fan oalje en oare smoargens yn it Waadgebiet. Der wurdt in slykferwurkingssysteem makke mei twa weinen dy't ynset wurde kinne by fersmoarging.

Der is ek jild foar Nieuw Atlantis Penjum dat in ton krijt foar in moetingsplak en in eksposysje, behâld fan it eilân It Gryn en werstel fan it seegers. It Fryske Gea krijt 1 miljoen euro foar de oanlis fan in slinke yn it Noarderleech dêr't sâlt yn wetter yn swiet omset wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)