Waadfûns: "10 miljoen foar opkeapjen garnalefiskfergunnings"

17 des 2015 - 22:01
  • Garnalefiskers kinne fan moandei ôf wer salang fiskje as se wolle

It Waadfûns stimt yn mei de opkeapregeling fan garnalefiskfergunningen yn de Waadsee. Foar dizze regeling wurdt in bedrach fan sa'n tsien miljoen euro reservearre. Dit is benammen bedoeld om fergunnings op te keapjen.

De regeling is de kearn fan it konvenant Viswad dat ôfsletten is tusken oerheden, natoerorganisaasjes en de fiskerij yn it Waadgebiet. Doel fan it konvenant is om it oantal gebieten dêr't net op garnalen fiske wurde mei út te wreidzjen. De opkeapregeling makket de wei frij om mear gebieten te sluten.

Hjirmei bliuwt der in bettere takomst oer foar de oerbleaune garnalefiskers, en nimt de fiskerijdruk ôf. De opkeapregeling sil, nei goedkeuring troch de Europeeske kommissje yn Brussel, yn de twadde helte fan 2016 iepensteld wurde. Fan 2017 ôf wurdt de regeling dan útfierd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)