Waadfûgels hawwe better plak yn oanpaste natuergebieten

01 jun 2015 - 10:31
  • De dyksput by Koehoal
  • It skulpe-eilân by Roptasyl

It Fryske Gea hat ferline jier op twa plakken binnendyks yn Noardwest-Fryslân nije natuer makke of besteande natuergebietsjes sa oanpast dat benammen waadfûgels der in goed plak hawwe. It giet om de dyksput tusken Furdgum en Koehoal en in skulpe-eilân yn de dyksfeart by Roptasyl.

De dyksput drige troch te brekken. Der binne ek yngrepen dien om de dyksput en omjouwing geskikt te meitsjen as heechwetterflechtplak. By heech wetter kinne de fûgels der ite en sliepe. Op it nije skulpe-eilân by Roptasyl briede no wytstirnsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)