Waadferiening tsjin fleanfeest

07 jun 2007 - 19:57

De Waadferiening freget de rjochter mooglik in fleanfeest op it Amelân te ferbieden. Oan it evenemint yn it wykein fan 23 juny dogge dik 120 fleantugen mei. De Waadferiening is benaud dat dy de briedende fûgels ferjeie sille.

Neffens de Waadferiening ha sawol de organisaasje fan it fleanfeest as de provinsje net goed genôch ûndersocht wat foar skea de fûgels fan de fleantugen ha sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)