Waadferiening telt planten

17 okt 2010 - 08:47
  • Foto: Hayo Bootsma

Frijwilligers fan de Waadferiening hawwe sneon op en om de Waadsee hast 450 ferskillende organismen, planten en bisten teld. Se diene de telling yn it ramt fan it 45-jierrich bestean fan de Waadferiening.

Oan it ûndersyk diene 380 frijwilligers mei. Neffens direkteur Hidde van Kersen fan de Waadferiening hat de telling gjin wittenskiplike ûnderbouwing. Hy jout wol oan dat de diversiteit yn it Waadgebiet hiel grut is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)