Waadferiening skorst bestjoerder

13 jan 2001 - 15:45

Mokselfisker Van den Berg is skorst as bestjoerslid fan 'e Waadferiening. Neffens direkteur Hans Revier hie de man in dûbele aginda: ,,It kin net dat in man yn de Twadde Keamer foar de Waadferiening én foar de fiskers lobbyt.''

Van den Berg siet noch mar in heal jier yn it bestjoer fan de Waadferiening. De mokselfisker hat witte litten dat er it net iens is mei de gong fan saken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)