Waadferiening moandei yn aksje

05 des 2003 - 00:00

De Waadferiening komt yn aksje om de feiligens foar de skipfeart op it Waad te behâlden. Troch besunigingsplannen fan it ministearje fan Ferkear en Wettersteat driget de Waadsee ûnfeilich te wurden.

Sa sil de 'Dienst Wegmarkering' fuort sanearre wurde en sille de fjoertuorren net langer bemand wêze. De Waadferiening sil moandeitemoarn út protest in grut spandoek ophingje oan de Brandaris op Skylge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)