Waadferiening fiert gouden jubileum mei sympoasium

16 okt 2015 - 20:07
  • Strânljip yn de Waadsee

It is sneon presys 50 jier lyn dat de Waadferiening oprjochte waard. Om dat te fieren hâldt de feriening in jubileumsympoasium mei de titel Wiis mei de Waadsee. De konferinsje stiet yn it teken fan in reis fan twa dagen mei wittenskippers, bestjoerders, leden fan de feriening en bewenners fan it Waadgebiet.

De Waadferiening waard 50 jier lyn oprjochte troch Kees Wevers. Hy wie doe 16 jier âld en makke him soargen oer de plannen om it gebied tusken It Amelân en de fêste wâl yn te polderjen.

De plannen binne net trochgien en yntusken heart de Waadsee by it UNESCO wrâlderfguod.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)