"Waadferiening brekt wurd"

16 okt 2006 - 12:08

De Keamer fan Keaphannel beskuldiget de Waadferiening fan wurdbrek, omdat dy seit dat bûtendykse havenútwreiding by Harns ûnmooglik is. Earder binne der ôfspraken makke wêrby de feriening dat wol in mooglikheid fûn.

De Waadferiening hat yn 2004 meiwurke oan in projektplan fan de Keamer fan Keaphannel. Ien fan de aksjepunten wie doe om in ûndersyk nei alle mooglikheden fan útwreiding te dwaan, dus ek de bûtendykse fariant.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)