Waadeilannen op Wrâlderfguodlist

25 maaie 2004 - 00:00

Mooglik komme de Waadeilannen op de Wrâlderfguodlist. As dat bart, hoege bewenners net benaud te wêzen foar beheinende maatregels. Dat waard dúdlik op in ynformaasjegearkomste dy't bedoeld is om begryp en draachflak te kreëarjen foar pleatsing op de list. Der folgje noch oare gearkomsten.

Takom jier novimber nimme Nederlân, Dútslân en Denemarken in mienskiplik beslút oer it foardragen fan de Waadeilannen op de Wrâlderfguodlist.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)