Waadeilannen as nije provinsje

28 jul 2014 - 12:52
  • Waadeilân

De Fryske Waadeilannen soene yn gearwurking mei Teksel in nije provinsje foarmje moatte. Dat fynt de lokale partij Texel 2010. It provinsjehûs soe dan op Skylge komme moatte. Neffens de partij is it in goed alternatyf foar de herfoarmings fan provinsjes dy't minister Plasterk fan Ynlânske Saken foar eagen hat.

Fraksjefoarsitter Henk Jonker hat dêrom in brief mei dat útstel oan de minister stjoerd. Neffens Jonker hawwe de Waadeilannen mear mei elkoar te krijen as mei de fêste wâl. Dêrom soe in nije provinsje foar de hân lizze.

Minister Plasterk hat noch gjin reaksje op it brief jûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)