Waadeilannen krije eigen app

20 maaie 2013 - 15:40

Der komt in app foar toeristen yn it Waadgebiet. In App is in programmaatsje dat op mobyltsjes en tablets draait. Der wurdt op dit stuit drok wurke oan in aparte App foar alle Waadeilannen fanút ien basisprogramma, makke troch it gearwurkingsferbân fan de eilannen. De app moat yn july foar de toerist beskikber wêze, seit direkteur Roeland Schroor.

Mar it hoecht net by de eilannen te bliuwen. De Fryske Waadgemeenten oan de fêste wâl wurde ek útnoege om mei te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)