Waadeilannen like drok as oars

27 jul 2001 - 00:00

De Waadeilannen lûke dit jier net minder toeristen. Mei de tongblierkrisis earder dit jier, wie de ferwachting dat minsken fuortbliuwe soenen. Yn Seelân binne wol minder fakânsjegongers as foarhinne.

Rederij Doeksen yn Harns hat it like drok as oars mei it oersetten fan gasten nei de eilannen. Op Skylge binne yn de earste helte fan dit jier sels 10 prosint mear toeristen kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)