'Waadbehear moat Europeesk'

14 okt 2011 - 13:06
  • Foto: Omrop Fryslân

De Waadsee moat ynternasjonaal mear as ien natoergebiet beheard wurde. Oars is er gjin duorsume takomst fan it Waadgebiet. Dat is de haadkonklúzje fan in grut ynternasjonaal Waadsympoasium op Teksel. Dêr wiene 150 wittenskippers út Nederlân, Dútslân en Denemarken.

Yn Nederlân ferskoot de ferantwurdlikens foar natoerbehear en it jild dêrfoar fan it ryk nei de provinsjes. Dat stiet heaks op de oanbefelling fan wittenskippers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)