Waadakademy offisjeel iepene

01 des 2008 - 18:58

De Waadakademy moat in netwurkynstitút wurde dy't it Waadgebiet op in duorsume wize ûntwikkelt. Wittenskippers út ferskate rjochtings moatte dêrby mei inoar gearwurkje. Moandeitemiddei waard de Waadakademy offisjeel iepene mei in sympoasium oer it gebiet.

It nije Ynstitút bestiet foarearst foar fiif jier. Dan sil op'e nij besjoen wurde oft it takomst hat. Fiif wittenskippers sitte yn it bestjoer fan de akademy.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)