Waadakademy nei Ljouwert

03 nov 2005 - 22:49

De Waadakademy set op 1 jannewaris útein yn Ljouwert. It wittenskiplik ûndersyksburo komt nei alle gedachten yn ien fan de gebouwen oan de Twibaksmerk. Seis oant acht minsken komme dêr te wurkjen. Oer ynternet sille se ûndersyk dwaan foar wittenskippers nei de Waadsee.

De komst fan de Waadakademy kostet sawat 20 miljoen euro. Henk Tameling fan it buro Het Tij krijt in wichtige rol by de útfiering fan it projekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)