Waadakademy: goed wurk levere

25 sep 2013 - 11:40
  • Oanbieding evaluaasje Waadakademy

It Waadgebiet driget de status fan wrâlderfgoed by UNESCO kwyt te reitsjen, as de Waadakademy ophâldt te bestean. Dy warskôging jout Margreeth de Boer as foarsitter fan de kommisje dy't de earste fiif jier fan de Waadakademy evaluearre hat. De Waadakademy funksjonearret 2008 en krijt út it Waadfûns ien miljoen euro foar wittenskiplik ûndersyk. Fierder funksjonearret de Waadakademy as in soarte fan makelder tusken oare organisaasjes dy't mei it Waadgebiet te krijen ha. Yn 2014 hâldt de subsydzje op.

De trije waadprovinsjes Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân moatte beslute oft de Waadakademy bestean bliuwt. Dat beslút falt nei alle gedachten noch yn 2013.

De kwaliteit fan it wurk fan de Waadakademy en de produktiviteit is tige goed. Ek is de akademy relevant.
De evaluaasjekommisje is ynsteld troch de Koninklijke Nederlandse Academie van Wetenschappen, de KNAW. De KNAW lûkt syn hannen fan de Waadakademy ôf. De Waadakademy is yn 2008 oprjochte mei as doel om in duorsume kennishúshâlding oer it Waadgebiet te ûntwikkeljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)