Waad ûndersocht foar list

14 jul 2008 - 20:13

Ut namme fan Unesco dogge twa ûnôfhinklike saakkundigen yn septimber ûndersyk of it Waadgebied in plakje op de Wrâlderfguodlist fertsjinnet. Se swalkje twa wiken troch it gebied en se wolle mei elkenien dy 't oer it Waad giet prate.

It giet om in hiel drege test, sa is de ferwachting. Boargemaster Swart fan Skiermûntseach fynt dat prima, want net elts gebied moat op sa 'n list komme kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)