'Waad net op list wrâlderfgoed'

26 okt 2004 - 16:22

It waadgebiet moat net op de list mei wrâlderfgoed set wurde. Dat fynt de mearderheid fan de gemeenteried fan It Amelân. De measte riedsleden binne benaud dat pleatsing op de list fan de Unesco foar ekstra beheinings yn it waadgebiet soarget. Sy tinke dat mear ynstânsjes har dan mei it Waad bemuoie.

Boargemaster Verhoeven dielt de soargen fan de ried net. Hy sjocht pleatsing op de list fan wrâlderfgoed krekt as in lintsje foar it waadgebiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)