Waad gaadlik foar biomassa

09 jan 2009 - 16:34

It Waadgebiet moat it gebiet wurde foar de tapassing fan biomassa. Dat hat de Raad voor de Wadden freed yn in advys oan de Twadde Keamer skreaun.

Neffens de Raad voor de Wadden hat it Waadgebiet alles yn him om proeftún te wêzen. Der binne genôch boerebedriuwen foar biomassa-ynstallaasjes en yn it Eemsgebiet binne in soad bedriuwen dy´t har dwaande hâlde mei enerzjy en gemy. Bedriuwen soene dêr sa oan de slach kinne om fan biomassa brânstof te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)