Waad 29 kear fersteurd

30 jan 2006 - 09:27

De natoer op it Waad is yn 2005 29 kear fersteurd. It giet om skippers, dy't oan har droechfallen boat wurkje. Dat mei net. Yn 2004 wiene der ek 29 fersteurings, mar doe wiene der wol folle mear droechfallen boaten; 3000 yn 2004 tsjin 1500 yn 2005.

De sifers waarden sneon bekendmakke op de jiergearkomste fan 'e feriening fan Waadfarders. De regels dy't jilde by it droechfallen komme tenei ek op alle kaarten fan 'e Waadsee.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)