Wa mist twa bargen?

11 okt 2004 - 09:44

De plysje hat sneontemiddei in soad muoite dwaan moatte om twa losrinnende barchjes te fangen. De earste baarch waard fongen mei help fan in kabel, dy't fêstmakke waard oan de achterpoat. Mar de twadde hingelbúkbaarch naaide út. Lang om let slagge it twa plysjes om it baarchje te krijen. De iene die in fangstok om de kop, de oare die in kabel om de achterpoaten.

Wa't twa hingelbúkbarchjes mist mei de plysje Fryslân skilje op 0900-8844.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)