Wa mei Wâldrock iepenje?

22 maaie 2007 - 08:47

De Fryske bands Asunder, Dead Horse Running, Dimaeon, Escadron en Remain binne selekteard foar de Slach om Wâldrock, op 1 juny yn Snits. De winner fan dizze Slach mei op sneon 7 july it Wâldrock-festival yn Burgum iepenje. De sjuery kiest de iepener fan it festival, it publyk kiest in band foar de pre-party.

De dielnimmende bands komme út Drachten, Langsweagen, Ljouwert, Snits en It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)