Wa krijt boete foar fiskstjerte?

11 jul 2006 - 17:39

It is foar de gemeente Littenseradiel noch mar de fraach oft se skuldich binne oan de grutte fiskstjerte by it leechpompen fan in fiver yn Wommels. Dat seit de adjunkt-direkteur fan de gemeente. De miljeuplysje slingere de gemeente op de bon doe't juster in soad fisken stikten by it leechpompen.

It leechpompen gebeurde yn opdracht fan Grontmij, dy't baggerwurk útfiert yn opdracht fan de gemeente. Der wurdt útsocht wa't de boete fertsjinne hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)