Wa fertsjinnet Rôze Pompeblêd?

15 feb 2008 - 19:30

It Homoplatform is op syk nei kandidaten foar it Rôze Pompeblêd. Dy priis wurdt alle jierren útrikt oan in persoan dy't him of har ynset hat it ferbetterjen fan de posysje fan homo's en lesbiennes yn Fryslân.

It Rôze Pompeblêd waard earder ûnder oare wûn troch Arno Brok, Dini Stavenga en Froukje Hernamdt. Kandidaten kinne oant 1 april opjûn wurde by it Homoplatform. De priis wurdt ein maaie útrikt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)