Wa is de baas oer nij Thialf?

15 des 2012 - 15:17
  • Thialf

Takom wike woansdei falt der in beslút oer de takomst fan Thialf. Dizze wike sette we ferskate saken op in rychje foar de takomst fan Thialf. It provinsjebestjoer hat ferskate plannen de wrâld yn brocht: earst in nije baan fan 100 miljoen euro by Sportstêd Hearrenfean, dan in 'fernijbou' fan 50 miljoen op de hjoeddeiske lokaasje en as lêste twa 400-meterbanen foar 106 miljoen.

Begripe jo it noch? Wêrom safolle plannen? En wa hat it eins foar it sizzen by Thialf? De provinsje of de KNSB? Wa bepaalt wat der bart?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)