Wâldseiner smyt mei glês

19 jul 2012 - 10:37

De plysje hat woansdeitejûn yn Wâldsein in 53-jierrige ynwenner fan dat doarp oanhâlden foar swiere mishanneling en mislediging. De man smiet in glês yn de rjochting fan de eigner fan in hoarekagelegenheid. Dy koe it glês mar krekt ûntwike, wêrnei't it útinoar spatte tsjin de muorre. Hjirby rekke in 17-jierrige frou fan Enter ferwûne.

Ek bedrige de Wâldseiner in plakgenoat dy't op dat stuit ek yn de saak wie. De fertochte is tegearre mei in 20-jierrige kompaan oanhâlden. De freon fan de fertochte hie lykwols neat dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)