VWA ûndersiket bedriuwen

06 aug 2007 - 10:32
  • De Voedsel- en Warenautoriteit hoopje woansdei it ûndersyk klear te hawwen

De Voedsel- en Warenautoriteit wol tiisdei it ûndersyk klear hawwe by bedriuwen dy't de lêste wiken fee ymporteard hawwe út Ingelân. Dizze bedriuwen binne sletten troch it ministearje nei in útbraak fan tongblier it ôfrûne wykein yn Ingelân.

It giet yn Noard-Nederlân om inkele tsientallen bedriuwen. Woansdei kinne de útslaggen ferwachte wurde. Oant dy tiid bliuwe de bedriuwen op slot.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)