VWA hâldt boeren yn de gaten

02 aug 2011 - 17:29

Kontroleurs fan de Voedsel en Warenautoriteit gean de kommende moannen ekstra faak it fjild yn om de boeren yn de gaten te hâlden dy't har lân bespuitsje. Ien op de trije boeren giet dêrby nammentlik de fout yn. Bygelyks troch it brûken fan ferkearde ferdylgingsmiddels of troch dy middels op de ferkearde plakken te brûken.

Dat soarget foar fersmoarging yn ûnder oaren de sleatten. Fryske boeren binne mar min te sprekken oer de ekstra kontrôles.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)