VVV's Fryske Marren gearfoege

12 apr 2014 - 08:33
  • VVV

De VVV's fan de eardere gemeenten Skasterlân, Lemsterlân en Gaasterlân-Sleat hawwe freedtejûn definityf ynstimd mei in fúzje. De toeriste-organisaasje wurdt útwreide mei in nij agintskip yn Terherne. Dêrmei is der einliks dúdlikens kaam foar de meiwurkers en frijwilligers fan de VVV's. Elkenien behâldt syn baan of frijwilligersfunksje.

Petra van der Veen wurdt de direkteur fan de fúzje-VVV. De VVV kiest foar de Nederlânske namme 'De Friese Meren-Gaasterland'. Dat is better werkenber foar toeristen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)