VVV's brekke mei Van Gessel

28 mrt 2012 - 13:59

De VVV's fan de Waadeilânnen en rederij Doeksen brekke mei Fryslân Marketing foar promoasje fan it Waadgebiet. Neidat it fertrouwen yn Fryslân Marketing en direkteur Paul van Gessel opsein waard, is begjin dizze moanne op oantrunen fan de provinsje besocht om dochs mei elkoar fierder te gean. Al gau die bliken dat der gjin jild wie foar mienskiplike marketing en promoasje fan dit jier.

Fryslân Marketing set de promoasje fan it Waadgebiet no troch mei oare partners.

Trije fan de fiif eilanner VVV's hawwe harren bydragen oan de kampanje fan dit jier net betelle, seit Fryslân Marketing. Dy VVV's kieze neffens Fryslân Marketing no foar it eigenbelang en foar fersnippering.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)