VVV wer provinsjaal

12 jan 2010 - 16:06

Fryslân krijt wer in provinsjale VVV. Deputearre Jannewietske de Vries sil it nije gearwurkingsferbân tusken de lokale en regionale VVV's nije wike offisjeel bekend meitsje. As foarrinner fan de gearwurking en de start fan de nije promoasjekampanje presintearje de Fryske VVV's har dizze wike op de Fakânsjebeurs yn Utrecht.

Direkteur Paul van Gessel fan Fryslân Marketing is bliid dat der no in ein komt oan jierrenlange ûnderlinge konkurrinsje en argewaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)