VVV Warkum: Peaske te betiid

12 mrt 2008 - 11:48
  • De Warkumer waach moat binnendoar noch opknapt en ynrjochte wurde

Dat de peaske dit jier sa betiid falt, komt hiel min út foar de VVV fan Warkum. De peaske is tradisjoneel it begjin fan it toeristyske seizoen, mar it nije kantoar is pas oer in pear wike klear.

De VVV hat in trochstart makke nei it fallissemint fan twa jier lyn. It nije toeristysk ynformaasjepunt komt mei museum Warkums Erfskip yn de monumintale waach yn it sintrum fan de stêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)