VVV teloarsteld oer stap ANWB

25 jan 2013 - 11:00
  • De VVV-winkel op 'e Jouwer

De fjouwer Fryske VVV's dy´t tegearre mei de ANWB in winkel fiere, binne bot teloarsteld dat dy lêste de gearwurking op seit. De ANWB makke tongersdei bekend dat se der op 1 jannewaris út stappe wol. Dat betsjut foar de winkels op De Jouwer, It Hearrenfean, It Amelân en yn Dokkum in flink ferlies oan omset.

Sa bestiet op De Jouwer 60% fan de winkel ut ANWB-artikels. Wat de gefolgen fan it omsetferlies krekt wêze sil en hoe't dat opheind wurde moat is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)