VVV Skylge yn swierwaar

17 mrt 2004 - 00:00

De VVV Skylge sit finansjeel yn swierwaar. De VVV op Skylge hie ferline jier te krijen mei tsien prosint minder boekings om't fakânsjegongers streek- rjocht fia ynternet boeke. Dêrtroch wie der minder wurk op kantoar. Trije wurknimmers krije no dien.

Undernimmers wiene troch de ekonomyske omstannichheden ek foarsichtiger by it ynskeakeljen fan de VVV. Mar it grutste ferlies fan wurk en ynkomsten komt dochs troch it online boeken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)