VVV Ljouwert nimt Grou oer

14 jun 2010 - 14:05

De VVV yn Grou wurdt oernaam troch de VVV yn Ljouwert. Dy lêste sjocht yn Grou in dorp mei goeie wettersportfoarsjennings ticht by Ljouwert. It kantoar yn Grou sil earst trochgean op it plak dêr't it no sit; oan de Parkstrjitte yn it postkantoar.

Mar omdat it pân te keap stiet sil nei alle gedachten takom jier ferhuze wurde. Yn byld is de StayOkay oan de Riedhûsstrjitte yn Grou. Ek de gemeenten Boarnsterhim en Ljouwert en guon ûndernimmers stypje de nije VVV.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)