VVV Fryske Marren rêden

15 mrt 2003 - 00:00

De VVV Fryske Marren kin foarearst bestean bliuwe. De gemeenten Snits, Boarnsterhim en Skarsterlân hawwe freed tasein dat se de it toeristeburo oant en mei 2005 stypje sille.

De VVV Fryske Marren is yn finansjele swierrichheden rekke, omdat in oanfrege subsydzje net takend is. De VVV hat oant en mei 2005 alle jierren 51.000 euro nedich om de organisaasje op poaten te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)