VVV-festigings ferdwine

17 mrt 2009 - 14:37

Ynkoarten binne yn Weststellingwerf gjin VVV-festigings mear. Der wiene al goed twa jier gjin selsstannige kantoaren mear, mar yn Wolvegea, Noardwâlde en Skerpenseel wiene noch wol festigings yn bygelyks winkels.

De VVV's ferdwine no hielendal omdat de VVV-organisaasje dêr't se by oansletten wiene, VVV Drenthe Plus, fallyt gien is. Yn it plak fan de VVV's komme der no toeristyske ynformaasjepunten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)