VVV-fans lulk op Cambuur

28 okt 2004 - 00:00

Supporters fan fuotbalclub VVV út Venlo hawwe massaal in protestbrief maild nei direkteur Merkus fan Cambuur. De supporters binne min te sprekken oer de ferplichte combi-regeling foar de wedstriid Cambuur-VVV fan oankommende moandei. Mei de combi-regeling wurde de supporters ferplichte om meiinoar mei de bus nei Ljouwert te reizgjen.

Cambuur fynt dat nedich omdat it om in risikowedstriid gean soe. De VVV-fans fine dat oerdreaun.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)