VVV - Cambuur: 1 - 1

27 feb 2003 - 00:00

Cambuur spile woansdei mei 1-1 lyk tsjin VVV. Op papier like de tsjinstanner fan de Ljouwerters yn Venlo maklik te wêzen. It waard úteinlik mar ien meager puntsje. Lionel Lord skoarde foar Cambuur yn de 64e minút.

De Ljouwerters misten fjouwer spilers. Van Dijk en Katipana wienen bûten de seleksje set. Derksen en Ferrier sieten op de bank. De fjouwer hienen tsjin Den Bosch net goed genôch spile.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)