VVV Amelân: minder besunigje

21 aug 2012 - 11:00
  • Amelân

It VVV Amelân kin maksimaal 35.000 euro besunigje. En dus net de 65.000 dy't de gemeente skrasse wol. Dat seit direkteur Cinto Prosperi fan it VVV. Mear besunigje soe neffens him te'n koste gean fan de promoasje fan it eilân. En minder promoasje betsjut ek automatysk minder toeristen en minder ynkomsten.

De gemeenteried fan It Amelân moat noch in beslút nimme oer de besunigings en wol no dat it kolleezje fan B&W yn oerlis giet mei it VVV om te sjen wat der krekt mooglik is.

It VVV wol yn elk gefal ôf fan de twa postagintskippen dy't it VVV hat. Dy soene dan oernaam wurde moatte troch in kommersjele partij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)