VVD:soarch & toerisme yn Fryslân

07 apr 2005 - 11:32

Fryslân moat foaral in provinsje wurde om yn te wenjen, dan komt it wurk fansels. Dat stelt de Steatefraksje fan de VVD nei in wurkbesite oan yngenieursburo Oranjewoud. Dat fynt dat Fryslân him folslein rjochtsje moat op toerisme en de soarchsektor.

Neffens de VVD-fraksje lizze dêr in soad kânsen om't de merk de kommende tiid allinnich mar groeie sil. Dêrneist moat der ek romte wêze foar lanbou en yndustry.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)