VVD: Ynset foar Blokhúspoarte

27 jun 2007 - 11:25

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders moat him ynspanne foar it behâld fan de Blokhúspoarte. Dat fynt de VVD-fraksje. Fan 'e wike waard bekend dat de âlde finzenis foar in part sletten is. Neffens de VVD moat B&W der alles oan dwaan om de finzenis fierder iepen te hâlden. Dit om de wurkgelegenheid te behâlden.

Sy fine dat der te folle praten wurdt oer wat der yn de Blokhúspoarte komme moat as de finzenis ticht giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)